Presintaasje Printeboek ‘Paula en de weirekke spegel’

20 jannewaris

Hjoed is de presintaasje Paula en de weirekke spegel, in printeboek foar bern, yn Museum Belvédère, Oranjewâld.  It boek ferskynt yn trije ferzjes en fjouwer talen tagelyk: Frysk,  Nederlânsk en Öömrang/Dútsk. Skriuwer fan it ferhaal is keunsthistoarikus Marije Sennema. It berneboek is ynspirearre op de Dútske keunstner Paula Modersohn-Becker (1876-1907). “Yn myn ferhaal lit ik Paula fia de syktocht nei in weirekke spegel ûntdekke hoe’t se harsels frij uterje kin”, fertelt Sennema. De skriuwer hopet dêrmei jonge bern te ynspirearjen om dat ek te dwaan.
It ferhaal spilet op it Dútske Waadeilân Amrum. Dêr wurdt Öömrang praat, in fariant fan it Noardfrysk. “Trije útjeften en fjouwer talen tagelyk; sa ferbine wy de ferskillende Fryslannen mei-elkoar en betsjinje wy tagelyk de gruttere taalgebieten om ús hinne”, seit Hille Faber fan Utjouwerij DeRyp.