Presintaasje Winterboek by Merakels Nijlân

19 oktober

Merakels is in Frysktalig bernespektakel foar bern fan 4 oant 10 jier en wurdt hâlden op de woansdeitemiddei yn ‘e hjerstfakânsje yn MFC ‘De Mande’ yn Nijlân. In ideaal plak én ideale gelegenheid foar de presintaasje fan it nije Winterboek! It Winterboek stiet fol mei ferhaaltsjes, gedichtsjes, ferskes, spultsjes en knutselwurkjes, spesjaal foar bern fan 2 o/m 6 jier. Nijsgjirrich? Sjoch dan alfêst even yn ús websjop of kom lâns yn ús boekwinkel yn Ljouwert!