Rosmos & the blues: literêr snacke by De Jong’s Cafetaria, Beetstersweach

21 maart

Boeken fan Fryslân presintearret: Rosmos & the blues! Skriuwer Willem Schoorstra – kadoboek Rosmos – en muzikant Jack Bottleneck binne tegearre op toernee troch Fryslân. In programma oer de ‘blues’ yn de meast brede betsjutting mei smoute ferhalen, brike ynfallen en te gekke muzyk! Yn it ramt fan literêr snacken binne de mannen fannejûn te sjen en te hearren by De Jong’s Cafetaria yn Beetstersweach. Tiid: 19.30-21.30 oere. Tagong fergees.