Rôze sneon / ‘Do draachst de leafde oan’, presintaasje blomlêzing LHBTY+-literatuer

16 oktober

Fannemiddei is by Tresoar de presintaasje fan de blomlêzing ‘Do draachst de leafde oan’, Literatuer fan Fryslân troch in rôze bril / Jij draagt de liefde aan, Literatuur van Friesland door een roze bril. It boek befettet poëzy en proazafragminten mei lesbyske, homoseksuele, biseksuele, transgender en ynterseksuele (LHBTY+) tematyk yn it Frysk en it Nederlânsk. Der binne goed hûndert fragminten opnommen, ôfkomstich út it wurk fan rom santich skriuwers. It boek leit fan hjoed ôf yn ‘e boekhannel. Of bestel fia ús websjop.