Silent Book Club foar bern
Yn stilte lêze op ien fan de moaiste plakken fan Ljouwert. Dochst mei? Kom dan nei de Silent Book Club foar bern yn De Utrecht oan de Tweebaksmarkt yn Ljouwert. Op de Silent Book Club kinsto lekker lêze sûnder drokke broers, susters of hûsbisten om dy hinne. Gjin iPad dy’t dy ‘ropt’. Mar yn alle stilte en rêst lêze, mei oeral moaie tekeningen en bisten fan de keunstners Stern Nijland en Onno Hooijmeijer om dy hinne. Elkenien fan 7 oant en mei 12 jier is wolkom! Nim dyn eigen boek mei, of pak der ien fan ús grutte steapel mei Nederlânske en Fryske berneboeken. Ynrinne tusken 13.00 – 15.00 oere en lês sa lang ast wolst. De tagong is fergees.