Simmerlêzen 2025
Hokker boek paksto dizze simmer? Fan 18 juny o/m 20 july is it tiid foar Zomerlezen. De simmer is de tiid om einlings wer ris in boek te pakken. Dan is der tiid. Lekker yn de tún, op it strân, oan it swimbad. Keapest fan 18 juny o/m 20 july foar € 15,00 oan boeken, dan krijst it Zomerlezen-geskink kado: in spannend simmerferhaal fan Anya Niewierra! Kom del yn ús boekwinkel oan de Boterhoek 3 yn Ljouwert of bestel dyn simmerlêsboeken fia ús websjop! Zomerlezen is in kampanje fan it CPNB.