‘Stap op de Rode Loper!’ yn de Afûkwinkel

25 novimber

It lanlike taal- en lêsprojekt Stap op de Rode Loper! foar vmbo’ers en harren dosinten is ek dit jier wer yn Ljouwert te finen. It festival biedt in unyk kultureel-literêr programma mei bygelyks teaterfoarstellingen, dynamsyske workshops en gesprekken mei populêre auteurs. Ek dit jier is de Afûk-winkel wer ien fan de programma-lokaasjes. By ús yn de winkel komt auteur Maren Stoffels fjouwer kear workshop jaan oer har fak en har boek No Exit. Mear ynformaasje fynst hjir.