Start fan ‘Er fietst een boom door Europa’ – Circle4Change

11 april

Fan 11 april ôf fytst der de kommende fiif moannen in beam troch Europa lâns in grutte sirkelline lutsen troch Circle4Change. Boud op it sukses fan ‘Bosk’, it kuierjende bosk dat yn 2022 troch Ljouwert luts, wurdt no de stap makke nei Europa. It is de bedoeling om lâns dizze line fan hast 5000 kilometer saneamde ‘jierdeisbeammen’ te plantsjen. Sa ûntsteane der by de hiele sirkel del jierdeibosken en kreëarje se mei syn allen in hiel grut lânskipskeunstwurk. En oer beammen en bosken op dyn jierdei sprutsen, skriuwster Linda de Haan fan ‘Ik wol in bosk op ‘e jierdei’ fytst ek mei. De twadde útjefte fan dit boek is krekt binnen en te bestellen yn ús websjop.