©Foto: Hoge Noorden / Jacob Van Essen

Start fan it kulturele seizoen 2022 mei UITinHUIS

3 septimber

Kulturele ynstellingen yn Ljouwert sette op sneon 3 septimber harren doarren wagenwiid iepen foar it publyk foar de start fan it kulturele seizoen 2022. Bist yn de stêd en benijd nei ús kursusoanbod of ús oare aktiviteiten en projekten? Kom dan foaral even lâns yn ús Fryske boek- en kadowinkel oan de Boterhoek (tusken Tresoar en HCL). Spesjale aktiviteit: om 11.00 oere ferwolkomje wy skriuwster én yllustratrise Mirjam van Houten yn ús winkel. Sy lêst foar út har nije boek Jelle en Juf en organisearret in nifel-aktiviteit. Foar bern fan 4-8 jier, tagong fergees, oanmelden is net nedich.