Start fan it kulturele seizoen mei ‘Uit in Huis’
Under de nûmer ‘Uit in Huis’ iepenje de kulturele ynstellingen yn Ljouwert hjoed wer harren doarren foar it publyk. Tink oan fergeze workshops, rûnliedingen, foarstellingen en optredens. Gryp dyn kâns om it allegearre te ûntdekken! Mei mear as 50 aktiviteiten, tanksij 40 kulturele organisaasjes, ferspraat oer de stêd is der foar elk wat wils. Fan teäter en muzyk, oant byldzjende keunst en skiednis. In dei om kultuer te belibjen, te ûntdekken en te fieren. Wy ferwolkomje dy graach by Afûk en Tresoar oan de Boterhoek 1-3! Doch bygelyks mei oan ús ferhalespeurtocht!