Omslach fan Taal yn de soarch nr. 1

Start ynformaasjekampanje ‘Taal yn it sosjaal domein’

17 septimber

Tegearre mei Fryske gemeenten set de Afûk mei it projekt Frysk yn ‘e soarch yn op it fergrutsjen fan it taalbewustwêzen fan de soarchprofessionals yn it sosjaal domein. Hjoed wurdt de ôftraap jûn troch it oanbieden fan it magazine Taal yn  ‘e soarch oan de teamleden fan it gebiedsteam Sneek Noord. We rinne in jier lang mei mei dit gebiedsteam fan de gemeente Súdwest Fryslân. Mei harren litte we sjen hoe’t de memmetaal fan soarchfregers brûkt wurde kin om de tsjinstferliening te ferbetterjen. Meer ynformaasje oer dit projekt is te finen op www.friesindezorg.frl.