Foto: Tresoar

Start online-kursus ‘Proaza skriuwe’ by Tresoar

12 april

In ferhaal of in boek skriuwe, dat wolle in soad minsken en no, no’t we yn in bysûndere tiid libje fan isolaasje en nije bezichheden foar jinsels ûntdekke, hielendal. Mar skriuwe, hoe pakke je dat oan? Yn dizze kursus fan 5 lessen dy’t jûn útein set, krigest fan skriuwster Jetske Bilker hânfetten en skriuwtechniken. Se jout konkrete tips foar hoe’t je as skriuwer hannelje moatte, en hoe’t je in ferhaal of roman begjinne. Oan ’e oarder komme wichtige proaza-eleminten lykas: spanning, personaazjes, de eigen styl, it kiezen fan in perspektyf (wa fertelt it ferhaal?) en it skriuwen fan in goede dialooch. Mear ynformaasje en opjefte: www.tresoar.nl.