Start toanielskriuwkursus ‘Dyn earste ienakter’ (online)

15 maart

Skriuw dyn earste ienakter! Ofwol in pocketferzje fan in ôfrûne stik. As begjinnend skriuwer learst yn dizze kursus fan 6 lessen hoe’t de struktuer fan in toanielstik opboud is en watfoar skriuwtechniken oftst brûke kinst. Hoe skriuwst in pakkend begjin? Wat wurdt de klimaks of dyn darkest moment? Tresoar organisearret in toanielskriuwkursus yn gearwurking mei Keunstwurk, STAF en St.U.F.T. Dosint: Wessel de Vries. Foar mear ynformaasje en oanmelden sjochst op www.keunstwurk.nl.