Lida Dykstra, foto Barbara van Rijn Bluet Foto

Startsein Berneboeke-ambassadeur: feestlike ynstallaasje fan Lida Dykstra

22 jannewaris

Hjoed wurdt Lida Dykstra feestlik ynstallearre as Berneboeke-ambassadeur. It is it offisjele startsein foar Lida as Bernboeke-ambassadeur fan Fryslân. De kommende twa jier sil sy de promoasje fan Fryske berneboeken en de Fryske taal in gesicht jaan. Op School Loevestein op ’e Gordyk sil wethâlder Libbe de Vries yn it bywêzen fan alle learlingen de amtsketting by Lida omhingje. Dêrnei binne der foar de bern workshops û.l.f. fansels de BBA sels mar ek fan Mirjam van Houten, Thys Wadman, Babs Wijnstra en Janny van der Molen.