Explore the North: Stern Nijland lêst foar en fertelt oer har wurk yn De Utrecht
De Berneboeke-ambassadeur hat in eksposysje organisearre yn De Utrecht. Dêr binne ôfbyldings te sjen fan berneboekeskriuwer en -yllustrator Stern Nijland út Oentsjerk yn kombinaasje mei it wurk fan O. C. Hooymeijer. Dit wykein is festival Explore the North en spesjaal om dy reden is Stern hjoed sels oanwêzich om foar te lêzen en mei oanwêzigen te praten oer har wurk! De BBA is der ek! Hâld de webside deutrecht.frl yn de gaten foar mear ynformaasje.