Streektoalsymposium ‘Podium veur de streektoal’

2 oktober

In streektaal is mear as allinne wurden. It is kultuer, identiteit en ferbining. Fertsjinwurdigers út in ferskaat oan dissiplines en belangstellenden fan allerhanne streektalen út Nederlân en Vlaanderen binne hjoed oanwêzich op it ‘Streektoalsymposium’ yn Emmen. Se komme byelkoar om kennis op te dwaan, ynspiraasje te dielen en de takomst fan streektalen foarm te jaan. Tidens dit sympoasium ûntdekst hoe’t in streektaal ta libben komt yn muzyk, teater, boeken, technology én yn it fuotbal. En hoe’st it yn dyn eigen wurk en omjouwing tapasse kinst. Mirjam Vellinga fan de Afûk jout der bygelyks in presintaasje oer de workshop ‘Psychology fan dyn taal‘. Mear ynfo oer it sympoasium fynst hjir.