Stúdzjemiddei Fierder mei Frysk 2025
Fierder mei Frysk is de jierlikse stúdzjemiddei foar dosinten Frysk út it fuortset ûnderwiis en mbû, organisearre troch de VLLT seksje Frysk, de Learareoplieding Frysk fan NHL Stenden en Cedin. De middei begjint mei in plenêr programma wêryn’t de fraach ‘hoe krije wy learlingen entûsjast om te skriuwen yn it Frysk?’ sintraal stiet. Binnen it projekt MultiLit Fryslân waard ûndersocht hoe’t it Frysk skriuwen yn de frije tiid en it skriuwen op skoalle better mei elkoar ferbûn wurde kin. Fierder binne der ferskate ynteressante wurkwinkels, ynformative byienkomsten, in kwis en fansels alle gelegenheid om te netwurkjen en ynformaasje út wikseljen. Sjoch ek taalplan.frl.