Foto: Boeken fan Fryslân

Sutelaksje Ingelum

24 juny

Muzykferiening Looft den Heer komt fannejûn yn Ingelum lâns de doarren mei kroaden fol Fryske boeken. Mei de oankeap fan sa’n moai Frysk boek dochst net allinne dysels in plezier mar sponsorst der ek noch de feriening mei. Mar leafst 25% fan de opbringst giet nei de kas fan de organisearjende klup! Lês der alles oer op www.sutelaksje.nl. De sutelaksje is ien fan de projekten fan Boeken fan Fryslân.