Sutelaksjes Alde- en Nijehoarne

20 maaie

Hjoed komme der kroaden fol Fryske boeken lâns de doarren yn Alde- en Nijehoarne. Mei de oankeap fan sa’n moai Frysk boek dochst net allinne dysels in plezier mar sponsorst der ek noch de feriening mei dy’t sa’n sutelaksje organisearret. Mar leafst 25% fan de opbringst giet nei de kas fan de organisearjende klup! Lês der alles oer op sutelaksje.frl. De sutelaksje is ien fan de projekten fan Boeken fan Fryslân.