Taal fan Wetter
Hjoed is it 200 jier lyn dat Fryslân oan de foarjûn stie fan in grutte wettersneedramp. Troch it springtij en it beswiken fan de diken, kaam Fryslân foar hast twatredde ûnder wetter te stean. Ta neitins oan de ramp liede tsjerken en klokkestuollen yn it troffen gebiet om 20.00 oere harren klokken. Krekt as yn 1825.
Mei Taal fan wetter wurdt stilstien by de ramp fan 1825, mei poëzy, muzyk en sang troch it Frysk Dichterskollektyf RIXT, Gisela Schadenberg en Pytsje Feenstra. Ek wurdt der stilstean by de neitins oan dichteresse Gryt Witbraad as ‘de dichter fan ús doarpen’. Lokaasje: Tsjerke fan Sânfurd. De tagong is fergees.