Tentoansteld én ta libben brocht: Obe Postma yn Koarnwert
Obe Postma (1868-1963) stiet bekend as de dichter fan it Fryske lân, it Fryske libben en de Fryske siel. Minder bekend is dat er ek in alsidich wittenskipper wie, dy’t publisearre oer natuer- en stjerrekunde, filosofy, lânbou en skiednis. Postma waard berne en begroeven yn Koarnwert, dêr’t dizze simmer yn de doarpstsjerke in bysûndere útstalling oan him wijd is. De útstalling is noch te besjen op de earstkommende iepentsjerkedei (30 augustus), en op Iepen Monumintedei (13 septimber). Ek binne der op dy dagen oanfoljende aktiviteiten en is der in 3,5 km lange kuiertocht. Hjir fynst mear ynformaasje.