Foto: Simon Haringa

Tentoanstelling SOAN-Heit in moeting

15 novimber 9 jannewaris 2021

Te sjen by Tresoar (Boterhoek 1, Ljouwert) de tentoanstelling SOAN-Heit in moeting. Yn de tentoanstelling komme de wrâlden fan fotograaf Simon Haringa (1953) en syn heit dichter Harmen Haringa (1920-2000) by elkoar yn 24 trijelûken dy’t elk besteane út twa foto’s en ien gedicht. Paadwizer foar de eksposysje is de kringloop. It folget de seizoenen en fertelt ek it ferhaal fan in libbenssyklus. Soan en heit moetsje elkoar wer op in leeftiid dat se beide weromsjen kinne en reflektearje. Foar beide is in lêste libbensfaze yn sicht. Dat ropt fragen op en twingt om te kiezen.