Foto: argyf Afûk

Tentoanstelling ‘Waling Dykstra – Foarútgong’ yn Obe

21 septimber 2019 5 jannewaris 2020

Waling Dykstra (1821-1914) – bakker, boekbiner en -ferkeaper – wie ien fan de belangrykste grûnlizzers fan de Fryske literatuer. Likernôch 75 jier lang hat dizze autodidakt de Friezen leard om har eigen taal te lêzen, te skriuwen en om der yn te sjongen en toaniel yn te spyljen. Syn maatskippij-krityske toan, striid foar it Frysk en ynset foar sosjale rjochtfeardigens en emansipaasje fertsjinje mear as hûndert jier nei syn dea ús folle omtinken. Mei de tentoanstelling ‘Waling Dykstra – Foarútgong’ bringt Tresoar de skriuwer wer yn it Fryslân fan hjoeddedei. Plak: Obe, poadium foar literatuer, keunst en taal. Sjoch ek hjir foar aktiviteiten.