Foto: Tom Scheper

TIIDGENOATEN teäterkonsert fan Hiske Oosterwijk

14 oktober 24 oktober 2021

De Gysbert Japicx Holckema Stichting presintearret: TIIDGENOATEN in teäterkonsert fan Hiske Oosterwijk (1989) wêryn’t ferline en no inoar reitsje. Oosterwijk skreau nije komposysjes op it 17-ieuske wurk fan dichter en skriuwer Gysbert Japicx. De âlde teksten kamen sa op ‘e nij ta libben en steane no garant foar in bysûnder jûn yn de karakteristike Broeretsjerke yn Boalsert. Sjoch foar mear ynformaasje op www.gysbert.frl of gean nei www.vanplan.nl foar tickets.