Tomkes jierdeifeestje by MeM, septimber 2021 © Hippe Kiek Fotografie by Sjoeke

Tomke’s Foarlêsfeest ?

3 septimber

Hjoed wurde de Lês-mar-foar-wiken ôftrape mei in grut foarlêsfeest! By Paviljoen MeM yn Bûtenpost binne dy dei allegear leuke aktiviteiten om Tomke én (foar)lêzen hinne: foarlêzen, sels lêze, mei-inoar in eigen ferhaal meitsje, muzyk, sjonge, dûnsje en folle net genôch. Ek de Tomke-skriuwsters binne fan de partij én Tomke-tekener Luuk komt wer mei syn oargel! Bisto der ek (wer) by? Regelje dyn tagongkaartsjes dan gau fia de website fan Paviljoen MeM!