Tomkes jierdeifeestje

18 septimber

It is ‘m net oan te sjen, mar Tomke fiert dit jier syn 25 jierrich jubileum! Wa’t jierdei is traktearret en dêrom ferskine der fan ‘t jier ferskillende feestlike nije produkten fan Tomke en organisearje wy ek in tal feestlike aktiviteiten om it mantsje hinne. Hjoed hâldt Tomke by paviljoen MeM yn Bûtenpost syn jierdeifeestje, kompleet mei slingers, taartsjes, ferhaaltsjes, muzyk en sjongen, spultsjes en in superleuke speurtocht. Bestel hjir dyn kaarten en wês der by! Mear ynfo oer Tomke fynst op de Tomke webside, de Tomke socials en yn de Tomke nijsbrieven!