Jan Kooistra, foto: Geart Tigchelaar

Transpoësie 2025

18 septimber

Tongersdei 18 en freed 19 septimber hat yn Antwerpen en Brussel it ynternasjonale dichtersbarren Transpoesie plak. It tema dit jier is “turbulent times” en yn dat ramt sil dichter Jan Kooistra in pear gedichten yn it Frysk foarlêze, ûnder oare Jûnskuier yn febrewaris. Dit jier dogge der dichters mei út 16 lannen, dy’t yn harren eigen – lytse of grutte – taal optrede sille. Alle gedichten binne ek oersetten en komme beskikber op de website. Mear ynformaasje fia skriuwersboun.nl.