Trinus Riemersma-dei
Yn 1992 ferskynde Trinus Riemersma syn masterwurk De Reade Bwarre. It boek wurdt sa stadichoan algemien sjoen as dé moderne klassiker fan de Fryske literatuer. Om it boek beskikber te meitsjen foar in breder publyk is it no troch skriuwster Jetske Bilker omstavere yn Standertfrysk. Presintaasje op de spesjale Trinus Riemersma-dei, hjoed yn De Koornbeurs yn Frjentsejer. Fierder in dei- en jûnsprogramma mei û.o. Riemersma-biograaf Doeke Sijens, film, petear, diskusje, stedskuier, toaniel en mear ferdivaasje. Mear ynfo fia de útjouwer: wijdemeer.nl.