Twa Fryske dichters presintearje Nederlânsktalige bondels
By útjouwerij Opwenteling ferskine de nije Nederlânsktalige bondels fan twa dichters dy’t ek by Afûk wurk útbrochten. It giet om Kop blijf aan fan Peter van Lier en Taigagedichten fan Edwin de Groot. De feestlike presintaasje is hjoed om 15.00 oere yn it eardere suvelfabryk yn Marrum (Hearrewei 2). Utjouwer Arnoud Rigter hâldt in ynlieding oer de twa nije bondels en oer it fûns fan Opwenteling. Njonken Peter van Lier en Edwin de Groot sil ek Annet Zaagsma as dichter optrede. Jetze de Vries liedt de sprekkers yn en út mei koarte yntermezzo’s op gitaar. Mear ynfo en oanmelde by Peter van Lier, petervanlier@gmail.com. Nim foar de wissichheid in waarme trui of jas mei!