Twalûk ‘Humor yn Fryske literatuer’

24 april

Fryske boeken dreech? Hielendal net! Yn de Fryske literatuer falt genôch te laitsjen. Op 24 april en 22 maaie komt de humor yn it wurk fan Hylkje Goïnga, Trinus Riemersma, Rink van der Velde en Sipke de Schiffart oan bod. Fan mylde iroany oant tragikomyske foarfallen en fan selsspot oant absurdisme: do lêst it allegear by dizze fjouwer Fryske skriuwers. Op 24 april stiet it wurk fan Hylkje Goïnga en Trinus Riemersma sintraal.
Op beide jûnen binne ek boeken te keap fan de skriuwers. Mear ynformaasje en oanmelden.