Uit in Huis – Foarlêsmiddei en winkel iepen
Hjoed is it Uit in Huis, de ôftraap fan it nije kultureel seizoen yn de binnenstêd fan Ljouwert. De Afûk-winkel set har doarren ek iepen mei Uit in Huis op sneon 14 septimber: fan 10.30 – 17.00 oere. Wês Wolkom!
Komst ek nei ús foarlêsmiddei yn de Prinsetún? Tusken 14.00 en 16.00 oere sille ferskate foarlêzers út it nije Tomke-boekje, it nije Keimpe-boekje of in oar moai Frysk berneboek foarlêze oan bern. De foarlêsmiddei is net allinnich in ûnderdiel fan Uit in Huis, mar ek fan de Lês-mar-foar-wiken, dy’t plak fine fan 9 o/m 27 septimber. Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân ekstra folle foarlêzen yn it Frysk. De foarlêsmiddei fynt plak by de yngong fan de Prinsetún, neist it Historisch Centrum Leeuwarden.