Underwiismiddei foar learkrêften oer ‘Oarloch yn ‘e klasse’
Yn 2025 steane wy stil by in bysûndere mylpeal: 80 jier frijheid. Mar hoe besprekst dy skiednis mei learlingen yn ‘e klasse? En hoe makkest gefoelige aktuele tema’s besprekber? It Fries Verzetsmuseum, Omrop Fryslân en Afûk organisearje in ynspirearjende ûnderwiismiddei foar learkrêften. Dat fynt plak op tongersdei 27 maart 2025 yn it Fries Museum. Op dy middei diele wy handige helpmiddels, metoaden en nije ynsichten dy’t de learkrêften daliks yn ’e klasse tapasse kinne. Sa meitsje wy meielkoar de oarloch yn de klasse besprekber. Mear ynformaasje en oanmelden: friesmuseum.nl.