Utrikking Diet Huberpriis 2025 oan Skelte Braaksma
De Diet Huberpriis 2025 gie nei Skelte Siweris Braaksma foar syn graphic novel Redbad. Hjoed is de feestlike priisútrikking by Tresoar yn Ljouwert. De trijejierlikse Diet Huberpriis foar it bêste yllustrearre Fryske berne-en jeugdboek is ynsteld troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjsintrum (FLMD), dy’t foar dit doel in anonime skinking krigen hat. De priis is neamd nei Diet Huber (1924-2008), berneboekskriuwer en yllustrator, bekend fan it faak werprinte Tutte mei de linten. De winner krijt 2.000 euro en in oarkonde.