Utrikking dr. Obe Postmapriis

8 novimber

De dr. Obe Postmapriis wurdt útrikt oan Willem Schoorstra foar De Poëtyske Edda. De priis is foar de bêste oersetting yn it Frysk út in oare taal wei en oarsom. De Poëtyske of Alde Edda is in samling mei Noarsk-Yslânske mytologyske en heroyske poëzy dêr’t goaden en helden yn ta libben komme. De priis sil op 8 novimber 2024 útrikt wurde troch deputearre Eke Folkerts by Tryater yn Ljouwert. De priis is troch Provinsjale Steaten fan Fryslân yn 1984 ynsteld en neamd nei de dichter Obe Postma (1868-1963), dy’t sels oersettingen makke hat út it Dútsk, Amerikaansk, it Sineesk (fia it Ingelsk), it Nederlânsk en it Aldsaksysk.