Utrikking fan de Simke Kloosterman Priis 2019

17 maaie

Om 15.00 oere yn ’e Petrustsjerke fan Twizel. De nominearren binne Eppie Dam mei Tsjilp (De Ryp útjouwerij), Lida Dijkstra mei De Weddenskip (útjouwerij Afûk), Mirjam van Houten mei Tije (útjouwerij Afûk), Auck Peanstra en Riemkje Pitstra mei Tomke’s foarlêsfeest (útjouwerij Afûk) en Koos Tiemersma mei Heech Tymo, sjoch omheech (útjouwerij HetNieuweKanaal). De priis bestiet út in oarkonde en in bedrach fan 5000 euro. Lês der hjir mear oer.