Foto: Jacob van Essen / Het Hoge Noorden

Utrikking Gysbert Japicxpriis

6 novimber

De Gysbert Japicxpriis is dit jier takend oan dichter Eeltsje Hettinga (Burchwert, 1955) . De priis, besteande út in oarkonde fan 10.000 euro, wurdt  hjoed útrikt yn kultuerhistoarysk sintrum De Tiid yn Boalsert. De Gysbert Japicxpriis is de heechste literêre ûnderskieding foar oarspronklik Frysk literêr wurk en wurdt sûnt 1947 útrikt. Hettinga kriget de priis foar de gedichten dy’t er skreau as ‘Dichter fan Fryslân’. Lês ek it parseberjocht en sjoch foar mear ynformaasje op www.tresoar.nl.