Tialda Hoogeveen, foto: Balanina Photografy

Utrikking Lytse Gysbert Japicxpriis

14 oktober

De Berneboeke-ambassadeur (BBA) sit dit jier yn de sjuery fan de Lytse Gysbert Japicxpriis. Skoalbern út de groepen 7 en 8 kinne in gedicht ynstjoere foar de nominaasje foar dizze priis. Ut de nominearre gedichten sil it winnende gedicht keazen wurde. De winner mei it gedicht hjoed foarlêze yn de Martinitsjerke yn Boalsert. Spannend! Witte wat de BBA noch mear by de ein hat? Sjoch dan ris op de webside berneboekeambassadeur.frl.