Utrikking Simke Kloostermanpriis 2025

23 maaie

Om 15.o0 oere yn de Petrustsjerke oan de Tsjerkebuorren yn Twizel. De Simke Kloostermanpriis 2025 wurdt útrikt oan Mirjam van Houten. De priis is har takend foar it berneboek ‘Jelle en Juf‘ en wurdt oan har útrikt troch de Kommissaris fan de Kening, Arno Brok. Nei de offisjele hannelingen is der tiid foar in hapke en in drankje op histoarsyke grûn: it Simke Kloostermanhûs en – tún yn Twizel. Hjir by wêze? Dan graach in berjochtsje stjoere oan p.buruma@knid.nl.