Foto: thússide www.simkekloosterman.frl

Utrikking Simke Kloostermanpriis 2022

23 septimber

Hjoed om 15.00 oere yn de Petrustsjerke yn Twizel. Simke Kloosterman is benammen bekend wurden mei har romans foar folwoeksen lêzers, mar ek op it mêd fan de berneliteratuer hat se har sterk profilearre. Fan har hân ferskynden likegoed ferhalen as mearkes, dy’t thús en op skoalle lêzen en foarlêzen waarden. Hanneljend yn de geast fan de auteur, hat it bestjoer fan de Simke Kloostermanstichting yn 1982 besletten om in priis beskikber te stellen foar de bêste Frysktalige berneboekeskriuwer en dêr de namme fan ‘harren’ Simke Kloosterman oan te ferbinen. Lês ek Simke Kloostermanpriis foar ‘It neidiel fan de twivel’ fan I.E. Bloem.