Utstalling ‘Frysk libben erfgoed, fan Wâldbean oant Wetterhoun’ yn Obe

14 augustus 18 oktober 2020

By dizze útstalling rinst rûn yn in oaze fan Fryske fruitbeammen en fazen mei siedsjes en foto’s  fan allerhanne soarten gewaaksen! Inkeld de nammen fan de soarten binne al poëtysk en sizze soms wat oer de komôf of de kleur. Prachtige literêre sitaten, sprekwurden, gedichten, in filmdokumintêre en skilderijen fan bisterassen as de Wetterhoun en de Fryske Stabij sprekke ta dyn ferbylding en litte dy op in oare wize yn de kunde komme mei seldsum Frysk libben erfguod. En foar wa’t sels oan de slach wol mei Fryske gewaaksen is der sie te keap of te ruiljen yn de siebiblioteek. Tagong fergees. Adres en iepeningstiden: www.tresoar.nl.