Foto: © Mirjan van der Meer

Utsteld gelok: 100 dagen, 100 ferhalen, 100 lokaasjes

7 maaie 14 augustus 2022

Alle dagen fan it 100 dagen duorjend kultureel programma Arcadia, bringt Utsteld gelok fan Ljouwert UNESCO City of Literature in nij ferhaal op hieltyd in oar, paradyslik plak yn Fryslân. De reade tried: de syktocht nei skientme yn en nei de hjoeddeiske pandemy. Wat jout ús moed, hokker siedsjes plantsje wy foar de takomst? 100 skriuwers út binnen- en bûtenlân giene oan de slach. Sa’n 15 fertellers/foarlêzers bringe de ferhalen, 100 dagen op in rige, foar jim oer it fuotljocht. Tagong fergees! Foar mear (praktyske) ynformaasje sjochst hjir.