Verhalenavond 2022: de ommekear
Tidens Verhalenavond kinst harkje nei persoanlike ferhalen op allerhanne lokaasjes troch hiel Fryslân. Elk hat wol in ferhaal en fannejûn is der foar elk ferhaal in harkjend ear. Gewoane ferhalen sa’st dy oan in oar fertelst, dingen dy’t wier bard binne, dy’st meimakke hast, dy’st witst oer dyn omjouwing of oer wat, dat (noch) net ien oars wit … It tema foar dit jier is: de ommekear. Hasto in ferhaal dat past yn it tema en wolsto dyn ferhaal fertelle? Of komst del om te harkjen? Foar alle ynformaasje sjochst op verhalenavond.nl.