Literêre jûn mei Willem Schoorstra en Jack Bottleneck: Rosmos & The Blues

4 novimber

Smoute ferhalen, brike ynfallen en te gekke muzyk! Nei de suksesfolle toernee yn de Moanne fan it Fryske Boek trede skriuwer Willem Schoorstra en muzikant Jack Bottleneck noch ien kear tegearre op mei harren programma oer de ‘blues’ yn ’e breedste sin fan it wurd. Plak: Bibleteek It Hearrenfean, fan 19.30-21.30 oere en tagong fergees! Dizze literêre jûn is in aktiviteit fan Boeken fan Fryslân.