©Foto: Hoge Noorden/Jaap Schaaf

Workshop ‘Psychology fan dyn taal’ yn Bûtenpost – FOL

15 febrewaris

Taal. Brûkst it alle dagen. Mar tinksto der bygelyk wolris by nei hokker taal ast brûkst yn kontakt mei oaren? Thús, mei freonen, op it wurk, by de dokter of oan de kassa? Makkest it yn in byienkomst wol ris mei dat ien dy freget om Nederlânsk te praten? Wat dochst dan en hoe fielt dat? Fynst it nijsgjirrich om ris stil te stean by dizze en oare fragen oer dyn ‘taalgedrach en – gewoantes’? Dan is dizze workshop krekt wat foar dy. Oanmelde foar de workshop fannejûn yn Bûtenpost kin spitigernôch net mear. Foar oare opsjes en mear ynfo sjochst op www.praatmarfrysk.nl.