©Foto: Hoge Noorden/Jaap Schaaf

Workshop ‘Psychology fan dyn taal’ yn Snits

15 desimber

Taal. Brûkst it alle dagen. Mar tinksto der bygelyk wolris by nei hokker taal ast brûkst yn kontakt mei oaren? Thús, mei freonen, op it wurk, by de dokter of oan de kassa? Makkest it yn in byienkomst wol ris mei dat ien dy freget om Nederlânsk te praten? Wat dochst dan en hoe fielt dat? Fynst it nijsgjirrich om ris stil te stean by dizze en oare fragen oer dyn ‘taalgedrach en – gewoantes’? Dan is dizze workshop krekt wat foar dy. Jûn yn Snits. Foar mear ynfo en oanmelden sjochst op www.praatmarfrysk.nl.