WOW Frysk ûnderweis

21 maaie

WOW Frysk ûnderweis is it evenemint foar Frysk en meartalich ûnderwiis. WOW is der foar alle profesjonals yn it wurkfjild fan it foarskoalske en it primêr ûnderwiis om har ynspirearje te litten ta ryk taalûnderwiis. De edysje fan 2025 is op 21 maaie yn Wergea en hat as ûnderwerp it nije kurrikulum Fryske taal en kultuer, wêrby’t wy longerje nei rike taal foar alle bern. WOW Frysk is ûnderdiel fan Taalplan Frysk 2030.