WOW Frysk

19 april

WOW Frysk is it evenemint oer ynspirearjend Frysk en meartalich ûnderwiis foar juffen, masters, 3TS-learkrêften, dosinten (Frysk), direkteuren en teamlieders en reizget fan dit jier ôf nei moaie plakken yn Fryslân. Yn Blauhús fannemiddei is it tema ‘Taalskerp lesjaan’. It programma bestiet út in sintrale lêzing, wurkwinkels, ûnderwiismerk, lekker iten en de teäterfoarstelling Bonne Route fan Tjerk Ridder. WOW Frysk is ûnderdiel fan Taalplan Frysk 2030.