Wurkwinkels BBA yn Bouwurk
Dizze simmer fiert Arcadia en hiel Fryslân 100 dagen lang feest. De provinsje is dan in spylfjild fan ferbining, keunst en kultuer, foar jong en âld. It tema is Grûn. Dat slút fansels prachtich oan by it boek ‘Abe en de Aardichman’ dat de Berneboeke-ambassadeur skreaun hat. Hjoed lêst sy foar út it boek en meist sels oan de slach mei it meitsjen fan dyn eigen aardichman, of aardichfrou, aardichmins, aardichbern of aardichbist, modderman, modderfrou of aardige…? Hielendal fergees! Hjoed, 17 en 24 augustus fan 10.00 – 12.00 oere.