Ynspiraasjedei ‘Wy binne mbû’

15 oktober

De jierlikse ynspiraasjedei is der foar alle dosinten, ûnderwiiskundigen en beliedmakkers yn it (Fryske) mbû. Ek dizze kear wurdt it wer in dei fol ynspirearjende workshops op it mêd fan boargerskip, kommunikaasje en meartalichheid yn it berop, praktyksituaasjes, taallearen en mear. ‘Wy binne mbû’ is in gearwurkingsferbân tusken Aeres, Firda en Afûk en is ûnderdiel fan it Taalplan Frysk 2030 mei as doel de posysje fan de Fryske taal yn it middelber beropsûnderwiis te fersterkjen.