Ynspiraasjesesje Meartalichheid gemeente Waadhoeke

14 april

De gemeente Waadhoeke is fjouwer talen ryk: Frysk, Biltsk, Franekers én Nederlânsk. En net allinnich bewenners, mar ek besikers fine dat prachtich! Hoe kinne ûndernimmers yn de gastfrijheids- en kultuersektor dy talen benutte om harren oanbod noch oantrekliker te meitsjen?
Op moandei 14 april organisearje Waadhoeke en TAF in ynspiraasjesesje foar ûndernimmers en oare ynteressearren oer taal as in krêft en kâns foar toerisme. Ek de Afûk is oanwêzich, mei praktyske foarbylden en ideeën om daliks ta te passen! Lokaasje: Doarpshús Ried, fan 19:30 – 21:30 oere. Meer ynfo & oanmelden.